icon-phone arrow icon-search mail pinterest google-plus facebook instagram twitter youtube linkedin
Lofsang Plaatselijk belang

Lofsang Plaatselijk belang

 

Alle dagen reizget in soad folk nei it Fean ta.
Se komme oeral wei; fan Droegeham oant De Harkema.
Ja, Surhústerfean, sa gesellich is der gjin ien.
Wa soe der net wenje wolle? Ik tink hast wol iderien.
Der is in Profronde, der wennet in Joop Atsma.
Der is in Pleatslik Belang ûnder lieding fan Windstra.
Sûnder it Pleatslik Belang hie de Toer der net stien,
dy’t it symboal wurde soe fan Surhústerfean.

Dit is in wol fertsjinne lofsang
op it Feanster Pleatslik Belang.
Tige tank foar alles wat jim dien ha,
hûndertfiifentweintich jier lang.

Ja, Surhústerfean is in sintrumdoarp dat brûst.
Men sjocht der kantoaren, skoallen en winkels by de rûs.
Jim wienen der faak by belutsen en ha in soad berikt
foar dat gesellige doarp dat o sa libbet.
Op jim jubileum hienen jim wol in gebakje fertsjinne
mei dêrop fansels de Toer. Dêr kinne je net om hinne.
Libje noch fleurich, sûn en hiel lang:
Surhústerfean en harren Pleatslik Belang.

Dit is in wol fertsjinne lofsang
op it Feanster Pleatslik Belang.
Tige tank foar alles wat jim dien ha,
hûndertfiifentweintich jier lang.

Hast alle Pleatslike Belangen rinne yn leden werom
Mar it Fean bliuwt 900 leden hâlden. Hoe dat sa komt?
Omdat hja wenje yn it Jeruzalem fan de Wâlden
en se altyd trou bliuwe oan it doarp dêr't se fan hâlde.
Oprjochter fan de Coöp. Spaar- en Leenbank,
de lettere legindaryske Spaar- en Voorschotbank.
Jim soargen foar in ynformaasjeboerd by de Haven
en ferljochting fan de Toer en de Alde Jirden.

Dit is in wol fertsjinne lofsang
op it Feanster Pleatslik Belang.
Tige tank foar alles wat jim dien ha,
hûndertfiifentweintich jier lang.

Meindert Talma
Wâlddichter / Wâldsjonger Achtkarspelen