Switserleane - oantinken oan de 'Switserske mennisten" dy't om 1700 in fêstiging yn Surhústerfean hienen en de doop betsjinnen troch ûnderdompeling yn in hjir yn de omjouwing lizende poel. De namme "Switserse Mennisten" komt grif út de folksmûle. De krektheid fan dizze oantsjutting is lykwols net wis. Mooglik is ek, dat dizze groep flechtsjende kristenen oantsjuten wurde moat as piëtyske "Brüder", kommend út Schwarzenau ( Eastenryk ) en/of Würtenberg. Dizze groep is foar de ekonomyske ûntwikkeling fan Surhústerfean wol fan bestjutting west. Se heinen in grutte ynfloed op de fierdere ferfeanting en de hannel út dy tiid