icon-phone arrow icon-search mail pinterest google-plus facebook instagram twitter youtube linkedin

Eisingarak

 

Eisingarak - It Eisingarak ferwiist nei jonkhear Tjalling fan Eisinga ( grytman fan Menameradiel ), dizze hie fean kocht mei Jacob Runia fan Ljouwert en dokter Assuerus fan Viersen ( rintmaster fan de domeinen ). Troch harren waard it fean tusken it Compagniesdjip en de Bauke Wyk ôfgroeven en fia dwerswiken as de Gaabe Wyk, Haaije Wyk, Eisingarak en de Jonkers Wyk ôffierd